Downloade

Winaksjes

Hoe krij ik mear kâns om te winnen?

Dreamst fan fergees Premium? Dan bist hjir op it goede plak! Kom gewoan efkes del op ús siden op sosjale media en sykje de link fan de nijste winaksje op. Log yn mei dyn e-mailadres of in keppele account en begjin dan lotten te sammeljen troch leuke lytse taken te dwaan - lykas ús folgje, de winaksje diele of in pear keppelings besykje. Sjoch it as in skattejacht, mar ynstee fan goud kinst muzykgenot sûnder advertinsjes winne. Elke taak = mear kâns om te winnen. De winners wurde útkeazen en krije berjocht fia e-mail, dus hâld dyn postfek yn 'e gaten (en miskien ek dyn spammap - dy wurdt soms wolris jaloersk). Súkses, en mei de playlists dy altyd geunstich wêze!

De winaksje is foarby en ik haw net meidwaan kinnen!

It spyt ús dat de winaksje foarby is, mar gjin soargen - wy hâlde se geregeld. As do in fergees abonnemint wolst, kinst ús helpe troch oaren oer de app te fertellen, resinsjes te skriuwen, feedback te jaan, bugs te melden of by te dragen oan de oersettings. Lit it ús witte as do oare ideeën hast. Tank foar dyn stipe!

Ik wol de fergese koade foar libbenslange tagong ta de app

Doch mei oan ús winaksjes en meitsje kâns op fergese libbenslange tagong. Wy beleanje ek minsken dy't mei harren útsûnderlike bydrage it projekt echt helpe te groeien.

Do kinst bydrage troch:

  • Fideo's oer de app te meitsjen (op YouTube, TikTok, Instagram, ensfh. - útlisfideo's, demo's of alles wat do moai fynst oan de app)

  • Ús geweldige muzyk te stjoeren om te publisearjen

  • Blogartikels of hantliedingen oer de app te skriuwen

  • Weardefolle feedback te jaan of bugs te melden dêr't wy echt wat oan hawwe

  • Ús te helpen de app op ferskate apparaten te testen

  • De app te dielen op Twitter, Facebook, Reddit, Discord of oeral wêr'tst oars ek komst

  • Oare brûkers te helpen yn ús mienskippen (reaksjes op 'e webside, Telegram, Reddit, Discord, ensfh.)

Wy fine it altyd geweldich om fan supporters lykas dy te hearren. Ek as dyn idee net op ús list stiet, steane wy iepen foar kreative manieren wêrop do helpe kinst! As do talint of enerzjy hast om by te dragen, lit it ús dan witte!
Tink derom dat fergese libbenslange tagong foar gjin inkelde spesifike bydrage garandearre is. Fergese libbenslange tagong hat in grutte wearde en wy biede it mei grutte soarch oan - it is ús manier om tank te sizzen foar echt útsûnderlike bydragen dy't it ferskil meitsje.

Taal